Fan 20 desimber o/m 3 jannewaris. Tryater's 11Stêdetocht. In dei út dyn libben, in minskelibben yn in dei, it libben as duersport. De 11Stêdetocht fan Tryater is de langste lokaasjeproduksje oait. Tolve oeren lang wurdst meinommen op in bysûndere reis. Fan taskôger wurdst dielnimmer en fielst hoet it is om de tocht der tochten út te riden. Wolkom yn de tuskentiid. Fan no ôf is it doel: sa min mooglik ûnderút gean, en oankomme. Tusken start en finish is der tiid om stikken te slaan en binne der meters om ôflein te wurden. Besykje nergens oan te tinken en lit de wrâld ûnder dy trochsjitte, links rjochts, links rjochts. De 11Stêdetocht is in reis troch de tiid, troch de rike histoarje fan 100 jier Alvestêdetocht. Der is koek-en-sopy en snert, in eachferblinende finish, in massa taskôgers en in sirene-koar dat dy tasjongt, dyn eigen Alvestêdekrúske en ynkringende lûden dyt soargje foar Alvestêdedreambylden, waarmte en rêst yn de bus en fansels in iisbaan. De gronology fan de Alvestêdetocht wurdt loslitten. De 11Stêdetocht wrot him in paad dwers troch tiid en plak.Troch bylden, ûnderfiningen en lûden wurdt de foarstelling yntins belibbe en lit de dielnimmers, of taskôgers, achter mei in Alvestêdeûnderfining riker. Neist ûnder oaren de yntriges yn Snits, de jierren tritich yn Hylpen en in fantastysk slot yn Ljouwert sjogge we it folgjende: - De pittoreske binnestêd fan Dokkum feroaret by de klokslach fan de toer fan in grize strjitte yn in kleurryk skilderij fan de Fryske
...