Boerebûterfeart Nei Omsk ---------------------------------------------------------------------- Wy ride mei de trioka troch it wite winterwâld it friest is graad as tritich en it is ferrekte kâld De hynstehoeven knarse troch de droege farske snie 't Is yn Siberië, dus wat oars as de Dokkumer Ie Ik reiz'gje mei ús omke Wassilev út Wolgograd Dêr't hy in winkeltsje mei wodka, tsiis en bûter hat Us omke is in slimme sakeman nei myn idee In troika fol mei boerebûter fan de EEG Dy bûter, seit ús omke, is yn't Westen fierste djoer Dus fret men margarine en de bûter dy bliuwt oer Dêr hat men dus yn Brussel dizze oplossing op fûn: Wy Russen krij dy bûter foar in dûbeltsje 't healpûn Bûter, brea, griene tsiis, och it is in grutte griis Bûter, brea, griene tsiis, man se binne lang net wiis Wy binn' op reis nei Omsk en omke hat in fleurich sin Hy sjongt fan Hop hop hynke en Hou er de moed maar in Mar ûnderwilens wurdt it roerich op'e eftergrûn En heart men moartsjen en mâlgûlen troch de winterjûn It is in keppel wolven en se komme tichterby Us omke set in liet yn fan Hup sûpengrottenbrij Dan sjonge wy de Wâldsang en ek noch It Heitelân Mar dêrmei hâlde wy de tastân lang net yn'e hân It Dokkumer lokaaltsje, Skûtsjesile is ús nocht En wylst de earste wolf in raam nei omke's skonken docht Sjong ik fan Rôlje rôlje en ik jou de wolf in hoart 't Is skande, seit ús omke, mar de bûter moat oerboard Bûter, brea, griene tsiis, och it is in grutte griis Bûter, brea, griene tsiis, leaver alles
...